NIJSBRIEF 2025

Nei oanlieding fan ús kommende jierfergadering op tongersdei 27 novimber hjirby de
útnoeging en de nijsbrief.
Wy sjugge werom op in foar reedriders minne winter, gjin iis, neat oan, mar wy hâlde moed.
Mar, fansels is der genôch te dwaan yn en om it iisbaan-/keatsterrein en De Snûter.
Fan’t maitiid is bygelyks de beamwâl om it fjild snoeit en is De Snûter opknapt.
Nije flier, nij plafond, de bar opknapt, ferljochting oanpakt, wy soenen it grut ûnderhâld
neame, mar jo kin better prate fan in yngripend ferbouwinkje. It had beide ferienings net
folle jild koste, wy ha in hiel beste subsydzjepeuterder achter de hân.
Begjin juni ha we de “Avondvierdaagse” wer organisearre, wy hienen der moai waar by en
mei sa’n 500 kuierders wie it wer in moai barren.
Yn de lêste wike fan de fakânsje is wer it ‘Spikerdoarp’ hâlden, dit wurdt organiseard en
begelied troch Hekstra Rietdekkers en Bouwers.
Hekstra levert it hout en spikers en rûmet de boel nei de tiid ek wer netsjes op.
Woansdei 22 oktober, yn de hjerstfakânsje, ha wy mei 17 bêrn te riden west nei de
‘Elfstedenhal’ yn Ljouwert. Dit dogge we, at we gjin iis hân ha op ús iisbaan, de winter
hjirfoar. It is bekend makke op de webside fan de iisclub en op ferskillende sociale media,
mar it tal dielnimmers foel ús wol wat ôf. De bêrn dy’t mei wienen, fûnen it prachtich!
De oankommende jierfergadering wurde twa nije bestjoersleden foarsteld, mar wy wolle
graach “ferjongje” en in pear bestjoersleden derby ha. At jim by gelegenheid der ris even oer
neitinke wolle?
Ek kinne wy, at we sterk iis ha as by de “Avondvierdaagse” noch wol wat frijwillichers brûke.
Oant sa fier wat wy yn de nijsbrief kwyt wolle, ha jo wat, wolle jo wat as kinne jo wat, meld it
as noch better, kom op de jierfergadering. Dan kinne jo jo hearre litte.


Ut namme fan it besjoer fan IJsclub Akkerwoude, oant sjen op 27 novimber om 20.00 oere
yn De Snûter as, en dat soe ús allegear wol passe, op de baan, mei sterk iis.