Nijsbrief 2019-2020
Mei dizze nijsbrief eefkes in koart oersjoch fan wat ferline seizoen bard is op it med
fan ’e iisbaan. It koarte winterke wie foar ús net genoch om minsken op de baan te
litten. Koartsein in winter fan neat! Wy bliuwe skerp en it sil dochs in kear barre dat
wy wer mei syn allen op ‘e baan oanwezich binne. Yn ‘ e lȇste wike fan febrewaris
ha we mei in folle bus fan de Birwa nei de iishal yn Ljouwert west. Dit wie tige slagge.
Oan ús ferljochting sil it net lizze. Ledlampen mei mear opbringst as de âlde en
minder stroomferbrûk.
Begjin juny is de “Avondvierdaagse” wer organisearre troch ús. Der wienen 539
dielnimmers mei in ludike start troch de Sparwinkel oan de Mounewei.
De ringriderij dy ’t wy hâlde soenen op de 1e woansdei yn juny is net trochgien,
omdat der te min dienimmers wienen. Dit hat by ús de fraach opsmiten oft we wol
trochsette moatte mei it organisearjen fan dit dochs moaie spektakel Wy ha besletten
dat we it noch ien kear besykjen sille. Giet it goed en ha we genȏch riders, dan sette
we dȇrmei troch.
Wy ha meidien oan de aksje clubsupport fan de Rabobank en dat hat € 400,- opsmiten.
Yn 2020 kinne wy wȇr der oan meidwaan. Wy roppe alle leden op om dan in stim op
ús út te bringen om ús dermei finansjeel te stypjen.
De jierfergadering is op tongersdei 28 novimber om 20:00 oere.
Ferjit net om jim email adres en lidnûmer troch te jaan, dat kin op info@ijsclubakkerwoude.nl;
Oant sjen yn de Snûter.
It bestjoer.