Foar jim leit de Nijsbrief fan 2011 – 2012.

www.ijsclubakkerwoude.nl

 

Nei in moaie winter dy’t him al betiid oppenearre, koe op 1 desimber al riden wurde, ek de lêste dei fan desimber wie it iis rydber en tusken dizze 1e en de lêste desimberdei koenen der sa’n 14 dagen knap riden wurde.

It iis wie sterk, sterk genôch foar in moaie primeur, nammentlik it earste belslydjeien  fan dit seizoen yn Fryslân op woansdei 22 desimber yn gearwurking mei de hynstesport kommisje.

Sa‘n 16 kombinaasjes makken der in prachtige striid fan en der wienen in lytse 1000 taskôgers.

De earste priis gie nei Jaap van der Weg mei it Fryske hynder Evelien, twadde wie Hendrik Vietor mei Sandor en tredde wie Tjitze Bouma mei Theodorus.

 

Op 27 febrewaris ha we ôfskied naam fan de winter troch it wetter wer fan de baan rinne te litten, it winterwurk fan it iisklupbestjoer is dan oer, mar hawar  wy strûpe de mouwen wer omheech en organisearje lekker troch, bygelyks mei it ringriden, dit wer yn  gearwurking mei de hynstekommisje.

 

De ringriderij is altyd op de 1e woansdei  yn juny, dit jier foel dat op 1 juny, fan 7 oere ôf koenen de taskôgers genietsje fan alderhande oanspanningen, fan shetlanders, friezen, boppelânners, haflingers ensfh.

De priisútrikking fûn plak yn de Snûter ûnder lieding fan Jelte Wiersma.

 

In lyts wike letter ha wy as iisbaanbestjoer de ‘avondvierdaagse’ organisearre, dit wie fan 6 oant en mei 9 juny en in grut súkses. It wie moai waar en de nije rûtes troch ‘tusken lytsen’ en de ‘heechlannen’  foelen goed yn ‘e smaak, sa ek de traktaasjes ûnderweis, oanbean troch Jelmer Terpstra fan de Spar hjir yn Damwâld.

De lêste jûn binne de rinners  ynhelle ûnder begelieding fan in groep blazers út de brassband e.z.g. , wei. No binne we wér safier dat we wer nei de winter lûke, it gers is noch in kear ekstra koart meand en de skiepkes fan Reinder sille it fjild noch efkes ynspektearje en bedongje en dan binne wy der wer klear foar.

 

Ledekaarten

 

De iisbaan kaarten wurde kommende wiken wer bylâns brocht, is jim

Bank- of Giro nûmer feroare, jou dat dan efkes troch, dit kin maild wurde. info@ijsclubakkerwoude.nl of telefoanysks 0511 – 423128

 

“Schaatslessen Schaatsschool Eleven” Damwâld

Fan 6 okt. ôf yn Ljouwert  en fan 10 okt ôf yn Grins bin der  wer reedryd lessen, dy’t organisearre wurde troch de “Schaatsschool Eleven”.

Foar mear ynformaasje oer de lessen sjogge jo op de webside fan Eleven, te finen op www.schaatsschooleleven.nl. As de iisbaan hjir by ús  iepen is, wurde hjir ek lessen jûn.  

 

Beschrijving: http://www1.omropfryslan.nl/upload/cached/8B3C7E581144D69AFCEE292E21217869.jpgMar, earst ús jiersfergadering, op 17 novimber yn ‘e Snûter om 8 oere, en dêr wolle wy jim fan herte foar útnoegje, op in jiersfergadering kinne jo as lid jo ‘sechje’ dwaan, dat is hiel wichtich, want wy as bestjoer witte ek net alles en sekere beslissingen wolle wy wolris taljochtsje, bygelyks, werom in terp yn ‘e baan, werom mei hynders op it iis en dêr sil noch wolris wat libje. Ek ha wy nei it skoft in sprekker, te witten Jan Oostenbrug,  iismaster by de âlvestéden feriening, foarsitter fan de Friese IJsbond, dij’t dit jier 125 jier bestiet en hy is noch bestjoerslid by de “Stichting Museum de Fryske Winter” yn Snits. Dizze stichting bestiet 25 jier en hat fan in protte iisklups de argiven ûnder har bewâld. En ek is der noch foarsitter fan de iisklup fan Aldtsjerk, rekkenje mar dat dizze man it moai sizze kin, dus oant sjen.

It bestjoer