Nijsbrief iisklup Ikkerwâld 2010 - 2011

www.ijsclubakkerwoude.nl

Nei in moai en droech foarjier en in wiete nijsimmer is it stadichoan wer tiid om foarút te sjen nei

de kommende winter, mar earst noch eefkes werom sjen nei de ôfrûne kâlde winter.

Tusken 2 jan. en 24 febr. ha wy sawat 24 dagen iepen west.

Net sa’t wy it wend wienen, mei in moaie grutte iisflakte, mar mei in grut grien eilân yn’t  midden. Dit eilân kaam ús dit jier goed fan pas, want mei sa’n protte snie dat wie krigen koenen wy de snie der moai op kwyt.

De snie hat ús in protte dwers sitten, want ús moaie iisbaan waard elke dei lytser en it iis like krekt op “fondant” iis, wêrtroch wy net wedstriden organisearje koenen. Foar de jeugd wy it in winter om folop genietsje te kinnen fan al dat iis en snie.

 
 

Us tank giet út nei de frijwilligers dy’t dei yn dei út wer de kjeld yn gienen om de baan skjin te meitsjen. Se hoegden gjin kjeld te leijen, want se krigen fan de famylje Dijkstra dy’t út namme  fan boubedriuw Dijkstra – Draisma, trochwúrkjassen       beskikber stelden, dêr’t wy harren graach foar tankje wolle.

 

 

Ringriden

Op’e earste woansdei yn juny ha we yn gearwurking mei de hynstekommisje it ringriden

organisearre. Der wienen 25 oanspannings pony’s, KWPN’ers en ek Fryske hynders en der

wienen in soad taskôgers. Nei ôfrin hat de priisútrikking wer yn de Snûter pleatsfûn.

 

Avond4daagse

In wike dernei wie it wer tiid foar de “avondvierdaagse” dy’t dizze kear allinnich troch de iisklup organisearre waard. Der wienen 519 dielnimmers, in 10 minder as ferliene ier.

Underweis krigen se alle jûnen in traktaasje fan C1000 ( Henk Split), wer’t wy him tank foar sizze wolle.

Ek ha der noch in lyts oantal frijwilligers in moaie berging foar de mobile tribune en de sproei

ynstallaasje delsetten.

 

 

“Schaatslessen Schaatsschool Eleven” Damwâld

Fan tiisdeitejûn 5 okt. en woansdeitemiddei 6 okt. ôf bin der yn de iishal fan Ljouwert

wer reedryd lessen, dy’t organisearre wurde troch de “Schaatsschool Eleven”.

 Foar mear ynformaasje oer de lessen sjogge jo op de webside fan Eleven, te finen op www.schaatsschooleleven.nl. As    de iisbaan hjir by ús  iepen is, wurde hjir ek lessen jûn.

 

 

Ek wie der minder goed nijs. Us bestjoerslid Andries Visser had op 28 sept. in slim ûngemak hân. By it skriuwen fan dit stikje ferbliuwt er yn it sikehûs fan Grins. Wy winskje him en syn húshâlding in protte sterkte ta, betterskip en mar wer sa gau mooglik nei hús.

Wannear’t jo in kaartsje nei him stjoere wolle, kinne jo it adres fine op ús webside, www.ijsclubakkerwoude.nl.

 

 

Ledekaarten

De iisbaan kaarten wurde kommende wiken wer bylâns brocht, is jim

Bank- of Giro nûmer feroare, jou dat dan eefkes troch, dit kin e-maild

wurde. info@ijsclubakkerwoude.nl of tillefoanysk

0511 – 423128

 

En dan ha wy op tongersdei 18 nov. 2010 om 20:00 oere wer ús

jierlikse ledefergadering, dizze kear ha wy in sprekker útnoege

en wol Hedman Bijlsma.

 

 

“It wurdt kâld yn Ikkerwâld”

 Mei syn laptop en syn beamer nimt Hedman Bijlsma út Drachten ús mei nei de wrâld fan iis en riden. Nostalgyske plaatsjes fan doe wurde ôfwiksele mei hjoeddeiske sitewaasjes. Fan Adam Hurdrider oant en mei de iispommeranten fan no. Mar de sprekker hat benammen each foar ferrassende details dy’t sjen litte dat it riden in wichtich part is fan de Fryske kultuer en histoarje. Wa wit noch wat krúslings riden is en wa realisearret him noch wat it spekferriden feitliken betsjutte? Wy binne te gast op de iisbanen fan alear en hawwe benammen omtinken foar de froulju yn ‘e baan. Heucht it jimme noch dat de keninginnen fan de koartebaan doedestiids mei de poarte (‘met hardrijdsterseer’) trouden? Ungemurken reizgje wy Fryslân troch en sille wy merkbite dat sels strjitnammebuordsjes, grêfstiennen en oare oantsjuttings ús fertelle oer dit ûnderwerp dat Friezen doe en no yn ‘e besnijing hie en hâldt. Fansels wurde it eigen plak en omkriten perfoarst net fergetten as it giet om riders en benammen rydsters dy’t net swak byspilen. Mei  feitlikheden en kykjes út it ferline  wurdt oan sokke lju nochris omtinken jûn. Boppedat fotografearret de sprekker ûnderweis – ek op waarme simmerdagen – alderhanne saken dy’t er brûke kin by syn praatsjes. ‘By ús yn hûs is it altiten winter’, sei syn frou okkerdeis tsjin ien dy’t in stikje oer har man skreau

Bijlsma sammelt elk boek dat oer iis en riden útkommen is út de hiele wrâld. It moat sa njonkenlytsen wol de grutste samling op dit mêd wêze. Sels hat er ek ferskate boeken oer it riden skreaun. Hy is al sûnt 1973 de man dy’t mei in stel freonen in ‘schaatsjaarboek’ útjout. It is allegearre allinne mar in tiidferdriuw, mar al syn sneupen hat bygelyks ek boeken opsmiten as Ien, twa, trije: fuort! (1985), it mânske Yn streken út 1999 (mei as ûndertitel ‘Tachtig jaar Bond van IJsclubs in twee eeuwen Friese schaatssport’) en Koning Thialf (2004), it jubileumboek fan de romrofte ‘Koninklijke IJsvereniging Thialf’ út it Hearrenfean. Krektlyn hat er in boek skreaun oer de froulju fan de koartebaan út de jierren 1943 oant en mei 1970.

Dizze ‘bibletekaris fan it iis’ fynt hieltiten wer nije dingen. Hokker waar it ek is, wy geane mei dizze man grif op redens oer.

Dit is wol nijsgjirrich tochten wy as bestjoer fan de iisklup.

It bestjoer